TIP! Mear lesbrieven of fotoframes bestelle? Stjoer in mailtsje nei searje36@afuk.frl
STAP-FOAR-STAP
Organisaasje
Tiid: 2 lesoeren
Nedich: digiboerd, laptop/telefoan en earkes per learling, lesbrieven, fotomapkes

Praktysk
  • Gean nei searje36.klassemint.frl/dosint
  • Meitsje dyn klasse(n) oan om in (QR-)koade te krijen.
  • Asto ien kear ynlogd bist, sjochst boppe-oan dyn dosintekoade stean. Bewarje dy goed! Mei de koade kinst letter ynlogge om dyn klasse(n) en resultaten yn te sjen
  • Lit de learlingen de QR-koade fan harren klasse scanne mei de telefoan. Wurkje se op de laptop? Lit se dan de link ûnder de QR-koade oernimme.
  • Alle learlingen kinne yndividueel de portretten besjen en stimme. Dat duorret sa'n 20 minuten foar alle filmkes.
  • Lit de learlingen as se klear binne in foto (of printscreen) fan harren skerm meitsje. De foto is nedich foar it ferfolch.
  • Hat de klasse stimd? Dan is it tiid foar de lesbrief. Dy is op papier, mar ek digitaal fia Searje 36 beskikber.
  • Foar in koartere les meitsje de learlingen opdracht 1, 2 en de Einopdracht. Foar mear ynhâld en ferdjipping dêrfoar litst de learlingen ek opdracht 3 o/m 8 meitsje.
  • Underdiel fan de Einopdracht is it fotomapke. Hingje nei ôfrin fan de les alle mapkes op yn it lokaal om fan inoar te learen en it Frysk sichtber te meitsjen!
Oanfoljend op de lesbrief kinst in klassepetear fiere.
Brûk dêrfoar de makke opdrachten, mar ek fragen lykas:
  • Stie by dy deselde persoan yn beide gefallen op 1? Wêrom wol/net?
  • Sieten der opfallende ferskillen yn dyn twa rankings? Hoe komt dat?
  • Watfoar ferhaal hat dy oan it tinken set? Wêrom?
  • Yn watfoar ferhaal hasto wat nijs heard? Wat?